Gean nei ynhâld
Tsjummearum-Furdgum Tsjummearum-Furdgum
← Terug naar nieuws

De Bazuin klear foar it konkoers yn Zutphen

17-11-2026 · CMV De Bazuin

Sneon 21 novimber docht CMV De Bazuin mei oan it konkoers fan Muziekbond Gelderland-Flevoland (MBGF). De Bazuin komt al jierren út yn de heechste divyzje, mar om dy posysje te hâlden, moat om de pear jier it nivo oantoand wurde troch mei te dwaan oan in konkoers. En meidwaan allinnich is net genôch, der moatte ek genôch punten by elkoar blaasd wurde.
We spylje op it konkoers trije stikken. We bejinne mei ús jubileumstik Centum Anni Vitalis en dêrnei spylje we de World of Wizzards en Pandora's Box. Pittige stikken dêr't hurd foar rippeteard is.